290 likes | 550 Views
It oersetten fan CtrlWORK en oare software yn it Frysk. Fryske Akademy Eric Hoekstra 11-02-2011. Útdagingen. Register: Brûke jo Frysk dat geef is, mar net maklik te begripen foar de gewoane man? Brûke jo Frysk dat maklik te begripen is mar optilt fan ‘e hollanismen? Taalútbou
E N D
It oersetten fan CtrlWORK en oare software yn it Frysk Fryske Akademy Eric Hoekstra 11-02-2011
Útdagingen • Register: • Brûke jo Frysk dat geef is, mar net maklik te begripen foar de gewoane man? • Brûke jo Frysk dat maklik te begripen is mar optilt fan ‘e hollanismen? • Taalútbou • Liene jo út it Ingelsk of meitsje jo sels wat? • Hoe bouwe jo de Fryske taal út?
Ingelsk is yn ‘e moade • In suksesfol produkt hjit CtrlWORK • Net: CtrlWERK of KtrlWURKControleWerk of KontrôleWurk
Software of sêftguod? • De titel fan myn lêzing wie:It oersetten fan CtrlWORK en oare software yn it Frysk • Net:It oersetten fan CtrlWORK en oar sêftguod yn it Frysk
Wêrom kies ik foar it lienwurd software? • Sels it Nederlânsk, safolle sterker as it Frysk, hat gjin eigen wurd foar software. • It wurd sêftguod wurdt sels troch djipfriezen amper brûkt. • Mar as it fermidden tige frysksinnich is, brûk ik it al ...
Energiser • ‘Energiser’ haw ik ek stean litten. • It Hollânsk hat it ek stean litten. • It is in basisbegryp fan CtrlWORK • Twa foarbylden fan Energiser
Oersette of fertale? • De titel fan myn lêzing wie:It oersetten fan CtrlWORK en oare software yn it Frysk • Net:It fertalen fan CtrlWORK en oare software yn it Frysk
Wêrom kies ik foar it wurd oersette en net fertale? • Oersette is as wurd net sa ûnbekend as it wurd sêftguod. • Út ‘e kontekst “yn it Frysk oersette” is de betsjutting fan oersette dúdlik, sels as je it wurd oersette net kenne. .
Hoe wit ik dat oersette as wurd better bekend is as sêftguod? 1. Taalgefoel. 2. Op it Fryske Ynternet en yn Fryske taalkorpora is it wurd oersette faker te finen as it wurd sêftguod.
Nuânse en kompromis • By sêftguod / software keas ik foar it maklike mar ûnfryske software. • By oersette / fertale keas ik foar it minder maklike mar fryske oersette.
Nochris it Ingelsk: standby Wat dogge wy mei: standby gedurende ... sekondes? It Hollânsk hat it Ingelske standby. Moatte wy dat liene? Wat ha ik dêrfan makke?
Yn wachtstân foar ... tellen Standby is oerset (fertaald) as wachtstân. Diskear ha ik keazen foar in taaleigen, wurd, omdat it goed te begripen is. Yn it Hollânsk is wachtstand goed mooglik.
Hoe set men “file”oer? • File • Bestân • Triem of trime Ik kies foar bestân, mar dizze kwestje hat wol strideraasje oer west.
Triem yn Hollânske dialekten Út De Vaan (2010)
Triem yn Fryske dialekten De Vaan (2010)
Wat dogge wy mei de shortcut ofwol sneltoets? • Sneltoets • Fluchtoets • Toetskombinaasje Ik ha meastal toetskombinaasje, want dat is presizer, sa waard my advisearre troch terminology-ekspert Hindrik Sijens.
Fynsten By it oersetten stroffelet men ek oer allegear saken dêr’t men net bewust fan wie ofwol: Je ûntdekke wer fan alles oer it Frysk en Hollânsk, oer hoe’t je dingen sizze.
Trek je schouders vlot en ontspannen op • Lûk de skouders flot en ûntspannen op?Dat is te maklik! En te Hollânsk! • Lûk de skouders licht en mei faasje omheech
Sta op met je armen opzij en je duimen omhoog Stean op mei dyn earms opside en dyn tommen omheech?????????? Nea! (Leaver dea as slaaf) Gean stean mei de earms breedút en de tomme omheech
Hoe sette wy negeren oer? (Dy opsje ferskynt by in ferplichte pauze) • Negeare • Gjin acht op slaan • Fuort mei dy! • Ôfstegerje Dêr ha ik keazen foar it eptige Ôfstegerje.
Hoe kamen wy derby om CtrlWORK oer te setten? • Niek Nendels joech in presintaasje op ‘e FA.
Kobe Flapper en ik fregen oft in Fryske oersetting mooglik wie.
Ik hie it oan tiid …(20%) ‘Eigen tiid’ regeling fan Fryske Aka en Google
Mei help fan Hindrik Sijens, Heense van der Kooij en Liesje Haanstra